# started 2014-08-16T13:48:58Z "Frysk Damjen (ek wol Oer Alles Hinne of Damjen, Frysk spul) is in tinksport, in oare tûke fan damjen as it \"gewoane\", ynternasjonale damjen. It is in âld spul, dat al sûnt de 17e ieu spile wurdt. Der jilde oare regels as by it gewoane damjen. In spiler mei nammentlik alle kanten opslaan, skean, rjochtút en oerdwers. Hjirtroch sit der protte aksje yn it spul, wat lykwols net ynhâldt dat it ienfâldiger is as it gewoane damjen. De Fryske fariant is noch altyd populêr en wurdt tsjintwurdich ek yn oare lannen spile."@fy . "In pear jier nei it barren op freed 16 novimber 1951 op it Saailân yn Ljouwert, dat de skiednis yngien is as \"Kneppelfreed\" (\"Knuppelvrijdag\"), waarden de mooglikheden om it Frysk yn it rjochtsferkear te brûken wetlik fêstlein. Dat barde by de wet fan 11 maaie 1956. Mei yngong fan 1 jannewaris 1997 is dy wet wizige. Hjir ûnder wurdt yn haadlinen werjûn hokker mooglikheden der op dit stuit binne om yn it rjochtsferkear de Fryske taal te brûken. Earne oars op dizze side fine jo ynformaasje oer it brûken fan it Frysk yn it bestjoerlik ferkear."@fy . "Oanlieding om in jierliks iepenloftspul te begjinnen wie it ynstoarten fan de toer fan Jorwert op 25 augustus 1951. De toer ûndergie krekt in grutte restauraasjebeurt.De Jorwerters besochten út alle macht de toer werom te krijen. Se ha doe in aksje hâlden om jild foar de toer te sammeljen. Dat slagge bûtengewoan. Twa jier letter ha sa'n fyftich Jorwerters it earste iepenloftspul oer it fuotljocht brocht, út tankberens foar it jild dat út alle hoeken en hernen fan it lân binnenkaam wie.De earste útfiering wie de basis foar in jierlikse happening dy't yn de rin fan de jierren útwoeksen is ta in Frysk kultureel barren. Ier yn de maitiid begjinne de spilers mei de repetysjes dy't in hiele simmer duorje sille. In spesjale bou-ploech is faak moannen yn it spier mei it dekôr.Yn it lêst fan augustus en yn septimber binne de útfieringen. Alle jierren stelt de Jorwerter notaris syn tún beskikber foar dit iepenloftspektakel.De Fryske skriuwer Jan Schotanus soarget faak foar de oersetting fan net Frysktalige stikken. Romke Toering hat mear as 30 jier de rezjy hân by it Jorwerter Iepenloftspul. Hy waard yn 2007 opfolge troch Tjerk Kooistra.Mei troch it súkses fan it iepenloftspul is der in berne-iepenloftspul opsetten, dêr't allinne bern yn spylje. Dit iepenloftspul brûkte it dekor fan it 'grutte' iepenloftspul om eigen stikken op te fieren. Doe't dúdlik waard dat it berne-iepenloftspul tige súksesfol wie, waard de ôfstimming fan it dekor mei it 'grutte' spul hieltyd dreger en is it nei Easterwierrum ta ferhuze, wêr't no yn de pastorytún fan de Roomske tsjerke spile wurdt."@fy . "De Alvestêdetocht is in reedriderstocht fan sawat 200 kilometer by de alve stêden fan Fryslân lâns. Ljouwert, de haadstêd fan de Nederlânske provinsje Fryslân, is fan âlds it start- en finishplak. De tocht bringt de dielnimmers fan Ljouwert nei Snits, Drylts, Sleat, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert, Harns, Frjentsjer en Dokkum en dan wer werom nei Ljouwert, dêr't op de Bonke de einstreek leit. Hûnderttûzenen taskôgers wiene by de lêste tochten de kjeld treast en moedigen oan 'e rûte de reedriders oan."@fy . "Jierskema Deiskema"@fy . "It Bilt (Biltsk: ‘t Bildt) is in gemeente oan de noardkust fan Fryslân, mei 10.949 ynwenners (1 jannewaris 2004). It hat in gebiet fan 116,48 km2, wêrfan 25,88 km2 wetter, en 15,4 km kust."@fy . "Kneppelfreed wie 16 novimber 1951, doe't der op it Saailân yn Ljouwert in opskuor plakfûn. Mei alles dat deromhinne foarfallen is, hat dy dei in net ûnbelangrike rol spile yn 'e striid foar de emansipaasje fan 'e Fryske taal en der úteinlik ta laat dat it Frysk yn 'e provinsje Fryslân in offisjele status krige."@fy . "Keunst is it bewust skeppen fan in effekt, fral wêr't it effekt wichtiger is as in praktyske tapassing fan dy skepping. De measte keunstners besykje dêrby de minsklike sin foar estetyk oan te sprekken. Om't net eltse keunstner dat docht, en ek om't troch ferskillen yn persoan en kultuer de sin foar estetyk net foar eltsenien itselde is, kin it wêze dat wat foar de ien wol keunst is dat foar in oar net is. Fral dêr't effekt wichtiger is as tapassing wurdt in waarnimmer twongen in oare betsjutting te finen as brûkberens, wêrtroch keunst by de waarnimmer gefoelens oproppe kin."@fy . "De Freulepartij yn Wommels is de wichtichste keatspartij foar jonges fan 14 oant 16 jier. De partij waard foar it earst spile op 5 augustus 1903. De priis is neamd nei frelle Clara Jacoba de Vos van Steenwijk en bestiet út in miniatuer fan it hûs fan de frelle.De dielname oan dizze partij stiet iepen foar jongespartoeren fan ôfdielingen fan de KNKB. Eltse ôfdieling mei maksimaal ien partoer nei de Freule stjoere.Eardere winners fan de Freulepartij meie net nochris dielnimme, ek al falle de jonges noch yn de goeie leeftydsklasse. It besikerstal fan de keatspartij yn Wommels leit alle jierren rûchwei tusken de 8.000 en de 10.000 minsken.It winnen fan de Freulepartij wurdt rekkene as it earste bledsje fan it Klaverke Fjouwer. De oare trije bledsjes fan it Klaverke Fjouwer kinne wûn wurde by; de Jong Nederlânpartij, de Bûnspartij foar senioaren en de PC."@fy . "Keatsen is in spul wêrby’t in lytse bal mei de hân of fûst (al as net beskerme troch bygelyks in want) sa slein wurde moat, dat de tsjinstanner de bal net (jildich) retoernearje kin. Keatsen is nei alle gedachten ien fan de âldste balspullen fan de wrâld. De keatssport wurdt yn ferskate farianten yn mear as 50 lannen en lânstreken spile, ûnder oare yn Belgje, Frankryk, Baskenlân, Valencia, Itaalje en de Feriene Steaten. Op de Olympyske Simmerspullen fan 1928 yn Amsterdam wie it ien fan de net-offisjele demonstraasje sporten. De wichtichste wedstriid foar Fryslân yn it keatsen is de jierlikse PC yn Frjentsjer."@fy . "It wurd Literatuer wurdt foar ferskate begrypen brûkt. Fral mei de ôflieding \"literêr\" betsjut it it skriuwen as keunstfoarm en alle keunst, alle boeken, dy't dêrtroch makke wurdt. Dit is ta ûnderskied mei lektuer, it skriuwen allinnich om it ferhaal oer te bringen. Hjir oan besibbe binne de betsjutting fan alle skreaune tekst yn in beheind gebiet, lykas fakliteratuer, en de betsjutting fan alle teksten, skreaun en sprutsen, yn in taal.It wurd \"Literatuer\" is in lettere ôflieding fan it Latynske littera, de „boekstêf“. It meartal litterae betsjutte dêrneist sawat as „it skreaune, „dokuminten“, „brieven“, „wittenskip(pen)“. Yn it Frânsk en Ingelsk bleau fan de wurden lettres en letters de wurdbetsjutting „wittenskippen“ bestean."@fy . "Jeanne Adema Jopie Huisman Wouter Jansen Willem Mook Pier Pander Louis G. le Roy Sjoerd de Vries Ids Wiersma Anne Woudwijk"@fy . "Ketlik (Katlijk) is in doarpke yn de gemeente It Hearrenfean, eastlik fan de flekke. De namme komt mûglik fan leke dat wetterloazing betsjut. De namme soe ek komme kinne fan it wurd katolyk."@fy . "De Fryske literatuer is in samling fan Fryske literêre wurken. De earste skreaune wurden binne oerlevere op runeynskripsjes út it tiidrek 500-800. De earste teksten skreaun yn it Frysk ferskynden yn de 13e ieu. Dy teksten binne oerlevere yn wetboeken en oarkonden. Healwei de 16e ieu wurde der gjin rjochtsteksten mear skreaun. Fan de ieuwen dêrnei binne ferhalen, rym- en sprekwurden, gelegenheidsfersen en psalmen oerlevere. It hichtepunt fan de literatuer tusken 1550 en 1800 wie Gysbert Japiks (1603-1666). Yn de tiid fan de romantyk brûke ferskillende skriuwers it wurk fan Japiks noch as foarbyld. De tiid fan de romantyk wie yn de Fryske literatuer it momint dat Fryske literêre wurken wer op in heech nivo ferskynden. Yn de 19e en 20e ieu ferskynden literatuerprizen, literêre tydskriften en selsskippen. 1945 wie it jier dat de saneamde bining tusken skriuwers en de Fryske beweging 'ferbrutsen' waard."@fy . "It rjocht yn Fryslân hat al in lange skiednis. Yn de Lex Frisionum waard it Fryske stamrjocht foar it earst skriftlik fêstlein."@fy . "Ljouwert (Nederlânsk:Leeuwarden) is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Fryslân. De gemeente Ljouwert hat 107.412 ynwenners, en in gebiet fan 84,11 km² dêrfan 3,33 km² wetter."@fy . "Foar rjocht bestiet in oantal betsjuttings. Meastentiids wurde alle offisjele, troch de oerheid fêststelde regels bedoeld, dy't de ferhâldingen tusken boargers en boargers, boargers en saken, boargers en oerheid en oerheden ûnderling regelet, en dy't jilde op it grûngebiet fan de steat dy't dat rjocht fêststeld hat. Wetten binne de meast foar de hân lizzende foarbylden. Rjocht kin ek wêze it ynternasjonaal rjocht, dat rjocht tusken steaten regelet yn de foarm fan ferdraggen, of net-skreaun rjocht, sa as it fertrouwensbegjinsel tusken de folksfertsjintwurdiging en it deistich bestjoer. Yn ûndersteand wurdt yngien op it rjocht yn de earstneamde betsjutting."@fy . "Ropta is in buorskip ûnder Mitselwier yn Dongeradiel. Hy leit tusken Mitselwier, Easternijtsjerk en Ljussens. Dat is de reden wêrom't de mûne dêr yn de 19e en 20e ieu bêst draaie koe: Wyn út de earste hân, mar net fier fan de doarpen."@fy . "In sport is in fysyk spul of tinkspul, dêr't neffens in reglemint wedstriden yn spile wurde foar in kampioenskip. Dat wol net sizze dat der allinnich soksoarte wedstriden spile wurde, mar mear dat der njonken de regels fan it spul, ek de regels binne foar it organisearjen fan wedstriden."@fy . "Reduzum is in doarp oan de ein fan it Swin, yn Boarnsterhim. Alhoewol it no net mear sa dúdlik is, is it fan oarsprong in terp, en al út de tiid dat de Middelsee yn dit part fan Fryslân hearske.De Nederlânske namme wie: Roordahuizum en yn it Frysk wie dit: Roardhuzum. Omt it Frysk mear in sprektaal as in skriuwtaal is, is sûnt jierren keazen foar de \"fonetyske\" namme Reduzum, dy't neat mear te krijen hat mei de namme (van) Roorda, dêr't de namme fan ôflaat is.Yn letter tiden wie Reduzum, lizzend oan de wei nei Oerisel, ferneamd fanwege de herberch \"De Trije Romers\", Dat wie in moai sintraal plak foar gearkomsten fan de boerelju, en dat is grif wêrom hjir, yn wat yn dy tiid it hotel \"De Grutte Trije Romers\" wie, yn 1879 it Fries Rundvee Stamboek en it Fries Paarden Stamboek oprjochte binne.It hotel is der net mear, mar in oar ferneamd plak in Reduzum is der noch: Krekt bûten it doarp stiet oan wat ea de wei nei Oerisel wie De Blauwe Tent. En krekt dêr tsjinoer stiet de Doarpsmûne Reduzum."@fy . "GNU Free Documentation License\t\t Version 1.2, November 2002Copyright (C) 2000,2001,2002 Free Software Foundation, Inc. 59 Temple Place, Suite 330, Boston, MA 02111-1307 USAEveryone is permitted to copy and distribute verbatim copiesof this license document, but changing it is not allowed.0. PREAMBLEThe purpose of this License is to make a manual, textbook, or otherfunctional and useful document \"free\" in the sense of freedom: toassure everyone the effective freedom to copy and redistribute it,with or without modifying it, either commercially or noncommercially.Secondarily, this License preserves for the author and publisher a wayto get credit for their work, while not being considered responsiblefor modifications made by others.This License is a kind of \"copyleft\", which means that derivativeworks of the document must themselves be free in the same sense. Itcomplements the GNU General Public License, which is a copyleftlicense designed for free software.We have designed this License in order to use it for manuals for freesoftware, because free software needs free documentation: a freeprogram should come with manuals providing the same freedoms that thesoftware does. But this License is not limited to software manuals;it can be used for any textual work, regardless of subject matter orwhether it is published as a printed book. We recommend this Licenseprincipally for works whose purpose is instruction or reference.1. APPLICABILITY AND DEFINITIONSThis License applies to any manual or other work, in any medium, thatcontains a notice placed by the copyright holder saying it can bedistributed under the terms of this License. Such a notice grants aworld-wide, royalty-free license, unlimited in duration, to use thatwork under the conditions stated herein. The \"Document\", below,refers to any such manual or work. Any member of the public is alicensee, and is addressed as \"you\". You accept the license if youcopy, modify or distribute the work in a way requiring permissionunder copyright law.A \"Modified Version\" of the Document means any work containing theDocument or a portion of it, either copied verbatim, or withmodifications and/or translated into another language.A \"Secondary Section\" is a named appendix or a front-matter section ofthe Document that deals exclusively with the relationship of thepublishers or authors of the Document to the Document's overall subject(or to related matters) and contains nothing that could fall directlywithin that overall subject. (Thus, if the Document is in part a